| Histoarje ‘t Hof |
|
De Steateseal wie de ytseal, de foarromte foar de Steateseal wie de keuken en boppe, yn de Griene seal, wie de sliepseal. Troch de ieuwen hinne hat it kompleks meardere funksjes hân. It stêdsbestjoer kaam der gear, der waard rjocht sprutsen en der waarden grutte feesten en ûntfangsten organisearre foar ferneamd besyk út it binnen- en bûtenlân. Karel V, Philips II en de hartoch fan Alva wienen yn it kleaster te gast. Willem fan Oranje en de graaf fan Leicester wennen der beide in skoft. Yn 1572 waard op inisjatyf fan Dordrecht de Earste Frij Steategearkomste hâlden yn de Steateseal. Tolve stêden swarden Philips II ôf en erkenden allinnich Willem fan Oranje as harren stêdhâlder. It wie it begjin fan de Staat der Nederlanden. De wapenskylden fan de tolve stêden binne noch te sjen yn de glês-yn-lead ramen fan de Steateseal. Yn 1585 waard it kleaster opkreaze ta in mear keninklik ûnderkommen. De prinsen Maurits en Frederik Hendrik, de twa soanen fan Willem fan Oranje, fêstigden hjir harren haadkertier yn de striid tsjin Spanje. It kleaster waard nei de ferbouwing it Prinsenhof neamd. Yn de folksmûle waard dit it Hof. Yn 1648 wurde yn it Hof noch fredesbesprekkings hâlden mei Spanje, mar dêrnei nimt har betsjutting rillegau ôf. Yn 1835 keapet de gemeente Dordrecht it kompleks, mar wit lange tiid net wat der mei te dwaan. Yn de 60-er jieren fan de foarrige ieu wurdt sels oerwage it hiele kompleks te sloopjen omdat de gebouwen yn minne steat ferkeare. Lokkigernôch is dochs ta renovaasje besletten. It kompleks is tusken 1969 en 1972 restaurearre. |
